Avond4Daagse

Mei-inoar ûnferjitlike jûnen belibje!
De Avond4Daagse is ít kuierfeest foar jong en âld. Fjouwer dagen lang rinne bern (en faak ek harren âlden, pakes, beppes…) 5 of 10 km deis. Wille hawwe mei freontsjes, lekker bûten bewege, genietsje fan de moaie omjouwing; dat is wêr’t it om giet mei de Avond4daagse. En nei de finish fansels dy fertsjinne medalje.

De Avond4Daagse Workum wurdt organisearre yn gearwurking mei de Koninklijke Wandelbond Nederland (KWbN) en fynt jierliks plak yn de moanne maaie.

Yn 2024 is de Avond4daagse fan tiisdei 21 maaie o/m freed 24 maaie. Op tiisdei, woansdei en tongersdei starte de 5- en 10 km-rûtes om 18.30 oere fan de Stedspôle ôf. Op freed start de 5 km-rûte om 18.30 oere en de 10 km-rûte om 18.00 oere; de start- en finishlokaasje is dan sporthal de Rolpeal.

Foto’s
Foar foto’s fan de ôfrûne edysjes sjochst op de Facebook-side fan de Avondvierdaagse Workum of op Instagram.

Oanmelde
Meidwaan mei de Avond4Daagse? Oanmelde kin fia dizze link.

Kontakt
Foar aktuele saken en foto’s sjochst op de Facebook-side fan de Avondvierdaagse Workum. Foar fragen (of oanmeldingen néi 16 maaie 2024) kinst kontakt opnimme fia avondvierdaagseworkum@gmail.com.

Organisaasje Avond4Daagse Workum:
Eefje Stellingwerff
Ine-Trees de Vries
Gerard de Boer
Noraly Methorst

Us sponsoaren
Thijs v/d Meer keurslager
Bakkerij van der Werf
Poiesz Workum
Friesland Campina Workum
Autodrop