Crossduathlon

Update oer 12 oktober!
Troch de wiete maitiid en it te wiete parkoers is de crossduathlon ferpleatst fan 9 maart nei sneon 12 oktober 2024. We ha der wer sin oan en ha der fertrouwen yn dat it parkoers der no wol goed by leit. Troch de ferpleatsing nei 12 oktober hawwe wy in moaie gelegenheid om in kombinaasjeklassemint te meitsjen mei de 1/8ste triatlon fan Warkum, dy’t plakfine sil op 1 septimber. Twa prachtige, mar folslein ferskillende útdagingen yn it neijier, yn de moaie omjouwing fan Warkum. De tiden fan beide wurde by-inoar opteld, wêrnei’t it klassemint opmakke wurdt. Der binne fansels moaie prizen te winnen foar de bêste froulju en manlju, dus we hoopje in soad triatleten ek werom te sjen by de crossduathlon.

De Crossduathlon Workum, in prachtich sportyf evenemint dat alle jierren plakfynt op en om it Warkumer strân. De crossduatlon bestiet út 5 km hurdrinne, 16 km op de mountainbike/gravelbike en ôfslutend wer 2,5 km hurdrinne. Sawol it draven as it fytsen giet oer ûnferhurde terrein, wat it swier, útdaagjend én ekstra leuk makket! It hurdrinparkoers giet foar in part oer it terrein fan it Soal Beach Resort en foar in part oer it strân. It fytsparkoers giet oer gers, troch boskjes, oer it strân, troch de dunen en net te ferjitten om de ferneamde boatestalling.

De Crossduathlon Workum is foar jong en âld en foar elk nivo. Wy sjogge graach dat in soad ferskillende dielnimmers meidogge en wille hawwe oan it hurdrinnen en fytsen yn ús moaie omjouwing.

Rûte
Oersjoch rûte:
2x draafûntsje tsjin de klok yn 2.5 km = 5 km
4x fytsrûntsje mei de klok mei 4 km = 16 km
1x draafûntsje tsjin de klok yn 2.5 km

Yn ûndersteande pdf binne de rûte en de wikselzone te finen:
wisselzone 2023.pdf
situatie 2023.pdf

Oanmelde
Ynskriuwe foar de 1/8ste triatlon yn kombinaasje mei de crossduathlon kin fia de side fan de triatlon Warkum. Ast mei beide meidochst, krijst dêrby 5 euro koarting. Mochtsto dy al ynskreaun ha foar ien fan dizze eveneminten, mar wolst meidwaan mei beide, mail dan efkes nei triathlonworkum@gmail.com. Dan regelje wy dochs noch de koarting.

Wolst dy allinnich ynskriuwe foar de crossduathlon, dan kin dat fia: https://mylaps-registrations.com/crossduathlonworkum2024

Kontakt
Foar aktuele saken en foto’s sjochst op de Facebook-pagina van triathlon & duathlon Workum.

Organisaasje Crossduathlon Workum
Theunis Wouda
Paulus Folmer
Sytze Terwisscha van Scheltinga
Robbert Boele