Sneon 23 augustus 2025 | Warkum | Fan 16.00 oere
Doch mei oan ít wettersportevenemint fan de simmer! Oft je no hâlde fan ûntspannen tochten of fanatyk race op it wetter: it Sup & Kano Festijn Warkum 2025 hat foar elk wat wils!
Twa aktiviteiten:
Sup & Kano 11 – Brêchjes Tocht
– Start tusken 16:00 en 20:00 oere
– Binnenkomst mooglik oant 21:00 oere
– Ofstân: ca. 5 km
– Yndividueel of al duo, ûnbelaat
– Verzamel ûnderweis 11 stimpels op dyn stimpelkaart
– Startpunt: Hotel Workum
Dizze gesellige tocht slingeret troch de sfearfolle wetterwegen fan Warkum, ûnder alve brechjes troch. Men peddelet op jins eigen tempo, mei romte foar skoft by ien fan de gesellige hoarekagelegenheden lâns de rûte.
5 KM Sup Race
– Fersammelje om 16:00 oere, start om 16:15 oere
– Ofstân: sa. 5 km
– Yndividuele race (fan 12 jier ôf), ûnbelaat
– Start en finish: Hotel Workum
Sil de útdaging oangean by ús fanatike mar gesellige Suprace! Snelste tiid wint – doarst it oan?
Rûte-oersjoch
Giele rûte – 11 – Brêchjes Tocht
Reade rûte – 5 KM Suprace

Oanmelde & kosten
Oanmelde kin via: Kaartverkoop
| Aktiviteit | Eigen sup/kano | Sup hiere |
| 11-brechjes tocht | € 5 | € 10 |
| Suprace | € 5 | € 10 |
| Combi Tocht en suprace | € 7,50 | € 12,50 |
Dielnimme kin fan:
– Fan 12 jier ôf mei swimdiploma (solo)
– Under 12 jier: ûnder begelieding fan in folwoeksene (beiden mei swimdiploma en eigen swimfest) Let op: de sup & kano tocht is ûnbelaat en dielname is op eigen risiko.
Fersier & moedich oan!
Wennest oan de rûte? Fersier dyn tún mei flachjes, ljochtsjes en feestlike dekoraasje, en moedich ús dielnimmers entûsjast oan! Tegearre meitsje we der in fleurige en sportive dei fan!
Organisaasje
Het Sup & Kano Festijn Warkum 2025 is in inisjatyf fan: IJsclub & Buitensport Workum, Kreas by Nelly en Yldau Ontwerpen yn gearwurking mei: De Bûtenpleats & Hotel Workum, Majestic Restaurant en Pizzeria, Restaurant & Café Heeren van Heeres, El Cafetín, Eva’s Cake Boutique, Loev Workum en The Kite Factory.
Mis dit gesellige, sportive en sfearfolle evenemint net! Oant sjen op it wetter yn Warkum!
Fragen? info@ijbworkum.nl

