Loop door Workum

De Loop door Workum is in hurdrinevenemint fan 4 myl (likernôch 6,5 km) yn it prachtige sintrum fan Warkum en dêromhinne. De start en finish is op it histoaryske merkplein de Merk. It is in jierlikse hurdrinaktiviteit foar âld én jong. Foar de basisskoalbern fan Warkum wurdt foarôfgeand oan de jeugdloop sels in wiere hurdrinclinic oanbean.

De hurdste draver en draafster ûntfange in wikselbeker (en prizejild). Ek de hurdste Warkumer en Warkumse wurde yn it sintsje set en ûntfange in wikselbokaal. De loop door Workum fynt altyd ein juny/begjin july plak. Yn 2024 is de Loop door Workum op snein 30 juny.

Yn 2024 is der foar it earst de mooglikheid om de 4 myl mei 2 of 3 rinners yn estafette te dwaan. Witsto net oft de 4 myl wat foar dy is, wolst wolris in loop besykje? Sykje in maatsje (of 2) en jou jim op foar de estafetteloop. Mar it kin fansels ek mei in freonegroep, in pear kollega’s of maatsjes fan dyn fuotbal of follybalteam. Koartsein, doch mei oan de loop door Workum, yndividueel of as team. Ek foar de rapste estafettelopers is der in moaie herinnering.

Rûte
Yn de binnenstêd fan Warkum, de start en finish is op ‘de Merk’.

Jeugdloop 1 km (earste foto ): Merk-Noard-Hoek Brouwersdyk-Noard-Merk (Jeugdloop 500m: hjir de helte fan) Loop door Workum 6.4 km (4 myl, twadde foto): (3 x Ronde:) Merk-Súd-keare by nr. 106 – Stedspôle-Skil-Nije haven Warkum-Doltewal-Balkfinne-Noard-Merk.

Foto’s
2023: Loop door Workum – (Wiep Visser, Workum.nl) & Loop door Workum (Jenny Bouma, Workum.nl)
2022: Loop Door Workum – (Jenny Bouma, Workum.nl) en Loop Door Workum (Wiep Visser, Workum.nl)

Oanmelde
Meidwaan mei de Loop door Workum? Kinst dy hjir ynskriuwe, of fia nei-ynskriuwing op de dei sels op de Merk. Opjefte foar de estafette kin allinne online yn it foar.

Programma
13:30 oere Jeugdloop, 500 m, 1/2 ronde troch Warkum, leeftiid o/m 6 jier
13:38 oere Jeugdloop, 1 km, 1/2 ronde troch Warkum, leeftiid o/m 9 jier
13:45 oere Jeugdloop, 1 km, 1/2 ronde troch Warkum, leeftiid o/m 12 jier
13:52 oere Priisútrikking jeugd
14:00 oere Loop door Workum, 6,4 km (4 myl), 3 rondes troch Warkum, leeftiid fan 13 jier ôf
14:45 oere Priisútrikking senioaren

Prizen jeugd
Jeugd o/m 6 jier: Jonges earste 3 in beker
Jeugd o/m 6 jier: Famkes earste 3 in beker
Jeugd o/m 9 jier: Jonges earste 3 in beker
Jeugd o/m 9 jier: Famkes earste 3 in beker
Jeugd o/m 12 jier: Jonges earste 3 in beker
Jeugd o/m 12 jier: Famkes earste 3 in beker

Prizen senioaren
1ste € 25, –
2de € 15, –
3de € 10, –
Wikselbeker foar de 1ste Warkumer/Warkumse

Uitslaggen
Loop door Workum 2023 (uitslagen.nl)
Loop door Workum 2022 (uitslagen.nl)

Kontakt
Wolst mear witte? Nim kontakt op mei loopgroepworkum2013@hotmail.com.
Foar aktuele saken en foto’s sjochst op de Facebook-pagina van de Loopgroep Workum.

Organisaasje Loop door Workum
De organisaasje fan dizze loop is yn hannen fan in tal dielnimmers fan Loopgroep Workum:
Herma Bakker
Bernard Reekers
Marten Sjoerds