Loopgroep Workum

Om de iisbaan leit in ferhurde 500-meter baan, dêr’t alle tongersdeitejûns in draaftraining fersoarge wurdt. De Loopgroep Workum bestiet sûnt 1 jannewaris 2013 en telt op it stuit 30 leden. De trainingsjûn is op tongersdei fan 19:15 oant 20:30 oere, yn de winterperioade (nei de hjerstfakânsje oant de maaiefakânsje) is dat fan 19.00 oant 20.15. De training wurdt fersoarge troch Jitske Cats.

Ast lid bist fan Iisklup & Buitensport Workum dan kinst neist de trainingen ek selsstannich gebrûk meitsje fan de baan. De baan is altyd iepen, en yn de tsjustere moannen op tiisdei, woansdei en tongersdei fan 18:45 oant 21:15 oere ferljochte. De loopgroep traint altyd op de ferhurde 500-meterbaan dy’t om de iisbaan hinne leit.

Der wurde in tal sneintemoarnen jiers bosktrainingen fersoarge ûnder lieding fan Jitske. Dizze trainingen wurde organisearre troch Loopgroep Workum.

Jeugd atletyktrainingen
Sûnt 2020 biedt Loopgroep Workum atletyktraining oan foar jeugd fan 7 oant en mei 12 jier. Op in aardige wize kin de jeugd yn’e kunde komme mei de atletyksport. Alle jierren is der in ‘foarjierssery’ en in ‘neijierssery’.

De neijiergroep start op tongersdei 30 oktober oaniensteande oant en mei tongersdei 26 maart 2026. Jitske Cats fersoarget de trainingen. Jitske hat romme ûnderfining mei it jaan fan atletyk-en hurdrintrainingen en se is ek de trainster fan de senioaren fan Loopgroep Workum. De trainingen wurde op tongersdei jûn yn sporthal De Rolpeal yn Warkum fan 17:30 oant 18.30 oere. Yn de skoalfakânsjes wurdt der net traind.

De folgjende ûnderdielen komme del op de trainingen:

sprint
minuteroop
kûgelstjitten
vortex smite
estafette
hordenloop
ferspringe
ringwerpen
heechspringen
farianten op rinfoarmen

De kosten binne € 57,50. De atletyktrainingen geane troch as der minimaal 12 dielnimmers binne (maks. 20 dielnimmers). Opjaan kin oant en mei tongersdei 16 oktober 2025. De oanmelding kin maild wurde nei loopgroepworkum2013@hotmail.com. Fermeld by de oanmelding foarnamme en efternamme bern, leeftyd en telefoannûmer fan de âlden / fersoargers. En binne der noch fragen? Dan kin der belle wurde mei Henriët Bremer op 06 -83645752 fan Loopgroep Workum.

Foto’s
Foar foto’s fan de loopgroep sjochst op de Facebook-pagina fan Loopgroep Workum.

Oanmelde
Foar € 70,- bist in hiel kalinderjier lid fan de Loopgroep Workum. Asto noch net lid bist fan IJsclub & Buitensport Workum dan wurdst dêr ek automatysk lid fan (€10,- it jier). Do en oaren út dyn gesin kinne dêrmei fergees sporte op it iisbaanterrein. It is mooglik om earst twa proeftrainingen mei te dwaan, wês wolkom!
Meld dy oan foar de Loopgroep Workum mei ûndersteand formulier.

Kontakt
Wolst earst mear witte? Mail dan mei loopgroepworkum2013@hotmail.com. Foar aktuele saken en foto’s sjochst op de Facebook-pagina fan Loopgroep Workum.

Kontaktpersoanen Loopgroep Workum
Henriët Bremer
Mirjam Feenstra
Heidi Wesselius