Iisklup

Al sûnt 1857 soarget de IJsclub Workum derfoar dat der mei kâld waar riden wurde kin. Sûnt 2023 hat IJsclub Workum de krêften bondele mei Stichting Buitensporten Workum. De nije feriening IJsclub & Buitensport Workum hat as doel om de reedryd- en skatesport en alle oare bûtensporten en bûtensportaktiviteiten te befoarderjen, koördinearjen en fasilitearjen.

Foto’s
Foar foto’s fan de iisbaan sjochst op de Facebook-pagina fan IJsclub&Buitensport Workum.

Oanmelde
Troch lid te wurden fan IJsclub & Buitensport Workum, meist it hiele jier troch gebrûk meitsje fan it iisbaanterrein. Meld dy hjir oan.

Kontakt
Wolst mear witte? Mail mei info@ijsclubworkum.nl. Foar aktuele saken en foto’s sjochst op de Facebook-pagina fan IJsclub&Buitensport Workum.

Bestjoer IJsclub & Buitensport Workum
Sander Bouma – foarsitter
Theunis Wouda – vice-foarsitter & fertsjintwurdiger eveneminten
Hanneke Zwerver – skriuwer
Heidi Wesselius – notulearring & fertsjintwurdiger loopgroep
Gatske Folkertsma – lede-administraasje
Paulus Folmer – ponghâlder
Ine-Trees de Vries – sponsoring & subsydzje
Hieke Rienstra – webside & social media
Robbie Terpstra – ûnderhâld & beheer
Anne Hein Gietema – fertsjintwurdiger iisgroep
Yldau Reitsma – fertsjintwurdiger survivalbaan