Wolsto ek sporte op it iisbaanterrein? Leuk! Graach wolle we dat safolle mooglik minsken wille hawwe fan de hurdrinbaan, skatebaan, fuotbalkoai en de survivalbaan. En winterdeis as der iis leit, sjogge wy dy ek graach op de iisbaan. Asto hjir faker sporte wolst, dan freegje wy dy lid te wurden fan IJsclub & Buitensport Workum. In jierlidmaatskip kostet mar €10,- de húshâlding. Foar dit jild meisto it hiele jier gebrûk meitsje fan it terrein, en oaren út dyn gesin ek. It lidmaatskip giet yn per 1 jannewaris.
Om lid te wurden fan IJsclub & Buitensport Workum follest ûndersteand formulier yn. Wolst earst mear ynformaasje? Mail dan mei info@ijbworkum.nl.
Wolst dêrneist gebrûk meitsje fan de draaftrainingen of meidwaan mei in evenemint? Sjoch by de Loopgroep Workum of it evenemint dêr’t it om giet om te sjen hoe’tst dy dêrfoar oanmelde kinst.
Let op: sporte op it iisbaanterrein is op eigen risiko!