Triatlon

Oan de ein fan de simmer fynt de jierlikse 1/8e triatlon fan Warkum plak. Mei 500 meter swimme, 21 km fytse en 5 km drave is dit foar in soad minsken in tagoklik sportevenemint.

Yn 2026 sil de triatlon yn augustus of septimber plakfine. Neiere ynformaasje folget yn de rin fan it jier. 16.20 is de start fan de froulju, 16:30 start estafette Teams en om 16.40 oere de start fan de manlju.

De rûte
De rûte fan de 1/8 Triathlon (wedstriid) begjint midden yn Warkum yn de Dolte, dêr’t we mei-inoar hinne rinne fan de wikselsône ôf op de Stedspôle. Je swimme 500 meter nei de Stedspôle, dêr’t je de fyts pakke foar in moaie rûte troch it Fryske lânskip fan 20 km, lâns de seedyk rjochting Makkum, en dêrnei slingerjend troch de greiden rjochting Warkum werom. Wêrnei’tst it lêste ûnderdiel dochst, 5 km hurdrinne op in moai ôfwikseljend parkoers om te finishen yn it sintrum ûnder lûd joechhei fan taskôgers, famylje en freonen.

Oefenje
De 1/8e Triathlon Workum is in moaie sportive útdaging, hielendal foar minsken dy’t ris yn de kunde komme wolle mei dizze prachtige sport! De sportklups yn Warkum biede faak ek in Triatlontraining oan of ûnderdiel dêrfan. De swimferiening jout spesjale borstcrawltraining en ek bist fan herte wolkom om mei te trainen mei de Loopgroep en/of Wielerferiening.

Yn it foar is in parkoersferkenning en in mienskiplike training. Op dizze ferkenningsronde kinst op dyn gemak it parkoers ferkenne yn groepsferbân en fragen stelle oan de organisaasje.

Súdwest-Fryslân Cup
Der wurdt achter de skermen wurke oan in nije kompetysje-opset mei meardere Fryske duathlons en triatlons, mar dêroer letter mear nijs en dúdlikheid. Kinst dyn ynteresse om (sûnder ekstra kosten) diel te nimmen oan sa’n kompetysje wol alfêst trochjaan by de ynskriuwing.

Oanmelde
Oanmelding is no noch net mooglik.

Kontakt
Wolst mear witte? Nim kontakt op mei triathlonworkum@gmail.com.
Foar aktuele saken en foto’s sjochst op de Facebook-pagina van Triathlon Workum.

Organisaasje Triathlon Workum
Theunis Wouda
Dieuwke Visser
Irene de jong
Barry Lammers
Willem van der Staaij
Edwin Wielinga