Oanmelde

Neiere ynformaasje oer de triatlon 2026 folget yn de rin fan it jier. Klik hjir foar in oersjoch fan de ynskriuwingen 2025 en foar mear ynformaasje oer de Fryslân Cup.

Klik hjir foar dielnimmers ynformaasje fan 2025.

Troch dy yn te skriuwen, joust tastimming om dyn namme en wenplak pleatse te litten op de dielnimmerslist. Jo jouwe ek akkoart dat de foto’s dy’t ûnder de ronde makke wurde, publisearre wurde meie.

Ynskriuwjilden 2025
Yndividueel: € 27,50, –
Duo’s / Trio’s: € 37,50, –

Annuleren
Ofmeldingen kostje ús as organisaasje in soad wurk. Dêrom dat wy de folgjende regeling hantearje: Dielnimmers meie fergees de dielname oerdrage en ferkeapje oan in oar. Dat kin de dielnimmer sels regelje yn syn / har ynskriuwside. As dat net mooglik is, dan bringe wy oant 27 augustus € 7,50 yn rekken. By annulearring fan 27 augustus 2025 ôf is it net mear mooglik om oanspraak te meitsjen op it ynskriuwjild.

Wizigingen / ynformaasje
Wizingen kinst sels fia it ynskriuwsysteem trochfiere. Foar it ynwinnen fan ynformaasje oer de oanmelding, kinst in mail stjoere nei triathlonworkum@gmail.com.

Ynformaasje foar de 1/8 Triathlon Workum
Alle dielnimmersynformaasje fynst yn dizze brosjuere. Om goed taret de triatlon fan Warkum yn te gean binne hjirûnder in tal basisregels opsteld:

Basisregels
• Dielname is op eigen risiko
• De gongbere regels fan de triatlon sille hantearre wurde.
• It parkoers is yn prinsipe ferkearsfrij, mar it bliuwt in iepenbiere rûte, dus de ferkearsregels binne úteinlik liedend.
• Helptsjinsten hawwe altyd foarrang.
• Oanwizingen fan ferkearsregelers moatte opfolge wurde.
• It dragen fan in helm is by it fytsen ferplichte.
• Yn ’e wikselsône mei der net fytst wurde.
• Rinne mei de fyts yn de wikselsône: fytshelm op ek ferplichte.
• Stayeren by sawol it fytsen as by it hurdrinnen is net tastien. Begelieding yn/op it wetter, op it fyts- en hurdrinparkoers is net tastien. Lâns dizze rûtes fansels wol.

Hjirby de checklist foar de triatlon.
Noch in trisuit nedich? Nim dan kontakt op mei wemakeyoufaster.com.