Warkum 2050: In blik op de takomst
Hoe tinksto dat Warkum derút sjocht yn 2050? Binne der fleanende huzen? Tûke brêgen? Of fytsen dy’t fleane kinne? Dit jier dûke wy de takomst yn mei it tema –> Warkum 2050: In blik op de takomst. Sitst yn groep 5, 6 of 7 en hast sin om yn ‘e simmerfakânsje hutten te bouwen, te fervjen en freonen te meitsjen? Soargje dan datst derby bist! Timmerje dochst yn lytse groepkes mei in begelieder. Wy soargje foar ark en timmermateriaal. Ek binne der leuke sport- en spulaktiviteiten. Superleuk toch! Jou dy op en doch mei oan Timmerdoarp Warkum!






Timmerdoarp Warkum
Alle jierren meitsje sa’n 80 bern út groep 5, 6 en 7 fan de basisskoallen út Warkum de meast prachtige bouwurken yn it Timmerdoarp. Der wurdt wat ôfseage en timmere, skildere en knutsele! En dat is net it iennige… Neist it bouwen wurdt der survivale en is der jierliks in wikseljende aktiviteit. Tegearre mei freontsjes, freondintsjes en âlden in echt huttedoarp delsette, dat is nochris in moaie ôfsluting fan de simmerfakânsje! Timmerdoarp Warkum is altyd op woansdei, tongersdei en freed yn de lêste wike fan de skoalfakânsje. De lokaasje is efter de pleats ‘Op de Hoek van de Stal’ op’t Súd.
Wêr en wannear?
– Timmerdoarp is dit jier op 20, 21 en 22 augustus by ‘Op de Hoek van de Stal’, Súd 154 yn Warkum.
– Dielnimme kostet € 20,- en is op eigen risiko.
– Bern moatte yn besit wêze fan in swimdiploma
Meld dy oan!
Sitst yn it skoaljier 2024/2025 yn groep 5, 6 of 7? En wennest yn Warkum of Ferwâlde? Dan kinst meidwaan mei Timmerdoarp Warkum. Bestel in kaartsje fia de knop hjirûnder. By it ôfrekkenjen kinst al dyn gegevens ynfolje!
De ynskriuwing is per bern en groepkes wurde makke troch de organisaasje, mar ek dit jier kinst wer as groepke oanmelde! In groepke bestiet út 5 oant 7 bern en 1 begelieder foar 3 dagen (dat mei alle dagen in oare begelieder wêze). By oanmelding joust oan by wa’tst yn de groep sitst.
Foto’s
Foar foto’s fan de ôfrûne edysjes sjochst op workum.nl.
Fragen?
Foar fragen en mear ynfo stjoerst in mailtsje nei workumtimmerdorp@gmail.com.
Of belje: 0515-542962 of 06-20278801 (Jacob & Trudi)
Organisaasje Timmerdoarp Workum
Jacob & Trudi van der Valk
José de Bruin
Nienke Visser
Joost Deutekom
Bram van Vulpen
