De Strontraceloop wurdt altyd holden op in sneon om de hjerstfakânsje hinne. Yn 2025 fynt de loop op sneon 18 oktober 2025 plak. De loop is neamd nei de jierlikse Strontrace (beurtvaart en strontrace) dy ‘t hâlden wurdt yn de hjerstfakânsje en op moandeis begjint. Dit is in wedstriid fan skippen dy’t fan Warkum nei Warmond farre en wer werom.




Algemiene ynformaasje 2025
Datum: 18 oktober 2025
Parkearje: MarinaParks Beach Resort Soal, Suderseeleane 32, 8711 GX Workum.
Dûs- en klaaigelegenheid: flakby Strânpaviljoen ’t Oude Strandhuys op de camping.
Ynskriuwe: hjir of fan 12.30 oere ôf oant 13.45 oere yn it Strânpaviljoen ’t Oude Strandhuys
Ynskriuwkosten: € 6,- (folwoeksenen) € 2,- (jeuch)
Starttiid: 14:00 oere (folwoeksenen), 13:30 oere (jeuch).
Priisútrikking en ferlotting: nei’t alle dielnimmers binnen binne om likernôch 15.30 oere. Foar alle ôfstannen is der foar de nûmers 1 in priis, sawol by de manlju as by de froulju. Foar de earste Warkumer en Warkumse is der de wikselbeker.
Rûte
De rûte fan de 15,2 km rint troch it prachtige natuergebiet de Warkumerwaard. Dit is in natuergebiet fan ‘It Fryske Gea‘. De 7,2 km draaft it earste part tegearre mei de 15,2 km.

De 15,2 km start op it strân by MarinaParks Beach Resort Soal. Nei start rinne se fia fytspaad en seedyk rjochting Gaast. Hast by Gaast oankaam giest de seedyk oer, en rinst in stik oer de ‘Warkumerbûtenwaard’, wêrnei’tst fia it giele strân Slinkewei, en de dyk om de camping finisht by it strânpaviljoen ”t Oude Strandhuys ‘.
De 7,2 rint it earste stik gelyk mei de 15,2 km. By de Jiskepolle giest oer de seedyk en fia de Slinkewei, en de dyk om de camping wer rjochting de finish.
Alle dielnimmers ûntfange by de finish de gebrûklike pûde stront fan Culterra.
Foar de jeugd is der in aparte rûte (1,5 kilometer).
Utslaggen
Utslagen Strontraceloop 2025
Utslaggen Strontraceloop 2024
Uitslagen Strontraceloop 2023
Utslaggen Strontraceloop 2022
Foto’s
Editie 2025 (Anna Blok, Workum.nl)
Editie 2024 (Jenny Bouma, Workum.nl)
Editie 2023 (Ilse & Anna Blok, Workum.nl)
Editie 2022 (Jenny Bouma, Workum.nl)
Kontakt
Wolst mear witte?
Nim kontakt op mei info@ijbworkum.nl
Organisaasje Strontraceloop
Anna Blok
Pieter Westra
Paulus Folmer
Theunis Wouda
Marten Sjoerds
