Avond4Daagse

Mei-inoar ûnferjitlike jûnen belibje!
De Avond4Daagse is ít kuierfeest foar jong en âld. Fjouwer dagen lang rinne bern (en faak ek harren âlden, pakes, beppes…) 5 of 10 km deis. Wille hawwe mei freontsjes, lekker bûten bewege, genietsje fan de moaie omjouwing; dat is wêr’t it om giet mei de Avond4daagse. En nei de finish fansels dy fertsjinne medalje.

De Avond4Daagse Workum wurdt organisearre yn gearwurking mei de Koninklijke Wandelbond Nederland (KWbN) en fynt jierliks plak yn de moanne maaie.

Yn 2025 is de Avond4daagse fan tiisdei 20 maaie o/m freed 23 maaie. Op tiisdei, woansdei en tongersdei starte de 5- en 10 km-rûtes om 18.30 oere fan de it plein foar de trije skoallen oan de Weverswei ôf. Op freed start de 5 km-rûte om 18.30 oere en de 10 km-rûte om 18.00 oere; de startlokaasje is it plein by de trije skoallen, finishlokaasje is sporthal de Rolpeal.

Foto’s
Foar foto’s fan de ôfrûne edysjes sjochst op de Facebook-side fan de Avondvierdaagse Workum of op Instagram.

Oanmelde
Meidwaan mei de Avond4Daagse? Oanmelde kin fia dizze link. Alders/begelieders hoege harren hjirby net op te jaan, útsein as sy ek graach in medaille krije wolle.
Wolst dy oanmelde as frijwilliger (ferkearsregelaar, foar- of achterrinner) bij de Avond4Daagse? Dat kin fia dizze link.

Kontakt
Foar aktuele saken en foto’s sjochst op de Facebook-side fan de Avondvierdaagse Workum. Foar fragen kinst kontakt opnimme fia avondvierdaagseworkum@gmail.com.

Organisaasje Avond4Daagse Workum:
Eefje Stellingwerff
Ine-Trees de Vries
Gerard de Boer
Bauke Jan de Jong

Us sponsoaren
Thijs v/d Meer keurslager
Bakkerij van der Werf
Poiesz Workum
Friesland Campina Workum