Winterse triathlon

Snein 5 jannewaris is de 2e edysje fan de winterse triathlon te Warkum!

Oanmelde
Fia de knop ‘kaartverkoop‘ kinst dysels oanmelde foar de winterse triathlon. Dielname is €20 (ynkl. kofje + snert) Tink derom: der binne mar in beheind tal startplakken!

Programma
12.30 Untfangst mei kofje yn swimbad de Rolpeal. Wy sille koart de regels dy’t jilde by de ferskate ûnderdielen beprate en it parkoers trochnimme. Eventuele fragen kinne hjir steld wurde. Graach 5 -10 minuten yn it foar oanwêzich wêze, earder kin dat net yn ferbân de beskikberens fan de romte.
13.00 Parc fermée iepen, mooglikheid om de fyts te stallen en klean foar de wiksels klear te lizzen.
13.30 Mienskiplike warming up. Hjiryn sille wy in stik fan it draafparkoers ferkenne sadat de rûte fanút de start en rjochting de finish foar elk helder is.
14.00 Start winterse triatlon
16.00 Neiprate ûnder it genot fan in kop snert & de priisútrikking foar de kategory snelste hear en dame.

Regels
Draafûnderdiel: Mei buordsjes wurdt de rjochting oanjûn. Wy drave tsjin de klok yn. By de ôfslach stiet in frijwilliger. Nei it 1e rûntsje rûn folget der in 2e langere ronde; hjirnei giet der in foarfytser riden om de rûte en lieder yn de wedstriid oan te jaan. Wy hawwe de omjouwing ynljochte dat der in evenemint plakfynt en der steane frijwilligers op it parkoers mar hâld altyd yn acht dat wy ús op de iepenbiere wei befine! Hjiryn jilde dus de normale ferkearsregels. It is NET tastien om earkes te dragen mei muzyk. Dit yn ferbân mei de feiligens.

Fytsûnderdiel: Nei it draafûnderdiel ôfsletten te hawwen dogge we de helm op & fêst en pakke we de fyts en rinne we mei de fyts oan de hân nei de opstapbalke; earder stappe we dus net op! De rjochting fan it fytsen wurdt mei buordsjes oanjûn. Op ferskate ôfslaggen sille frijwilligers stean. Der is in motor oanwêzich dy’t foar de lieder yn de wedstriid ride sil. Lykas it draafûnderdiel jildt hjir ek dat it yn ferbân mei de feiligens NET tastien is om earkes te dragen. Ek hjir jildt; de omjouwing is ynljochte en der sille frijwilligers oanwêzich wêze, mar wy binne op de iepenbiere wei! Je binne dus sels ferantwurdlik foar it hantearjen fan de ferkearsregels.

Swimûnderdiel: By weromkomst nei it fytsen geane wy rjochting it parc-fermeé, we stappe ôf FOAR de balke. Dêrnei geane we mei de fyts oan de hân nei it rek en dogge dêrnei de helm ôf. Dêrnei geane wy rinnende rjochting it swimbad. Yn it swimbad sille wy nei de klaaikeamer dêr’t wy FERPLICHTE nei swimklean wikselje. Dat betsjut dat wy ús fytsklean yn’e klaaikeamer efterlitte en in swimbroek / baaipak oanlûke. Ut de klaaikeamer wei rinne wy nei de dûsromte dêr’t wy ús ek FERPLICHTE ôfspiele sille. LET OP; hjir sil troch in frijwilliger op kontrolearre wurde. Dit yn ferbân mei de hygiëne-regels dy’t der jilde om gebrûk te meitsjen fan it swimbad. It soe kinne dat wy troch de waarsomstannichheden fiis weromkomme en sa kinne wy net yn it wetter, hâldt hjir dus rekken mei, ek foar de organisaasje dy’t it swimwetter beskikber steld hat foar ús. By it swimbad oankaam binne der 5 banen ferdield wêrby’t jildt; de 1e dielnimmer giet yn baan 1, de 2e nei baan 2, ensafuorthinne. As de 1e 5 swimmers binnen binne, giet dielnimmer 6 wer yn baan 1 ensafuorthinne. Der sil ek hjir in frijwilliger stean dy’t de atleet nei de goede baan begeliede sil.

Wy swimme 500 meter SÛNDER attributen te brûken (tink oan paddles, pull buoy) wat betsjut 20 baantsjes. Op it momint dat der 450 meter swommen is sil in frijwilliger in plankje ûnder wetter stekke as de swimmer by it kearpunt is. Je moatte dus no de lêste 50 meter swimme. Je finishje yn de baan troch it jaan fan it teken “earm omheech”.

Finish: Fia in digitale klok sille de finishtiden notearre wurde en ferwurke wurde yn de einútslach. De útslaggen fan de estafette teams sille separaat fermelde wurde, mar dogge net mei yn de kompetysje.

Praktyske tip: lis swimklean en/of dyn klean foar nei ôfrin yn de klaaikeamer klúskes fan it swimbad ypf yn it parc fermé. Sels witte fansels, mar de klaairomte is lykas it parc fermé fan 13.00 oere ôf beskikber.

Routes

Foto’s
Edysje 2025 (Jenny Bouma, Workum.nl)

Utslaggen
Utslaggen 2025: