Ut de organisaasjes fan de ferskate Fryske triatlons en duahtlons wei is in idee ûntstien om in mienskiplike, Fryslânbrede kompetysje op te setten. Mei as doel om de ûnderlinge bân te fersterkjen, de ferskate eveneminten ûnder de oandacht te bringen en fanút dêr mear dielnimmers te krijen.


Hettinga Heppener en Laura Helmantel winne earste Fryslân Cup triatlon (2025)

Ofrûne sneon 13 septimber 2025 foel yn Wommels de beslissing fan de earste Fryslân Cup.
By de lêste dielnimmende en beslissende triatlon fan de cup stiene alle kânshawwers oan de start by de kwart ôfstân. Dat wie yn it foar dus in moai affysje. By de manlju gie de striid om it earste plak tusken Pieter Pilat en Haani Heppener. Allinne by winst koe Piter syn folslein behelle resultaat fan 8,5 punten werombringe nei 7,4 punten. Oan de start fan de kwart yn Wommels stie ek Sjirk Bijma, winner fan de Frysman, dus dizze ôfstân winne wie foar Pieter wol in hiele grutte útdaging. Hy wie foarôfgeand oan Wommels tredde wurden by de Woudfennen swimloop en hie sawol de sprint triatlon op It Hearrenfean as yn Warkum wûn en dêrmei 3,9 punten as subtotaal. Dêr moasten de punten fan de kwart fan Wommels noch by opteld wurde. Hy moast dus yn de top 4 einigje. Uteinlik einige hy op in fjirde plak mei sa’n 40 sekonden foar Pieter en wie de striid mei mar 0,6 ferskil beslist.
By de froulju hie Laura Helmantel al in aardich gat mei Douwina Bijma-Haan slein en troch de kwartôfstân yn Wommels op har namme te skriuwen, ûnderstreke Laura dat ûnderlinge ferskil nochris. Beide winners krigen in unyk Fryslân Cup wielrenshirt fan Bioracer as priis oerlange. Dyselde fabrikant hie ek in kleanbon foar € 100, – beskikber steld om te ferlotsjen ûnder alle dielnimmers. Dizze priis gie nei Barry Lammers. Alle dielnimmers dy’t de’triple ‘ folbrocht hawwe, hawwe ek rjocht op in sportfieding-pakketsje oanbean troch Newspeed.
De wurkgroep, besteande út ôffurdigen fan de ferskate dielnimmende duathlons en triatlons hâlde meikoarten in evaluaasje en hoopje foar 2026 in noch kompleter programma te presintearjen.
Einstân Fryslân duathlon & triatlon Cup 2025
