Crossduathlon

12 oktober
Dit jier wie de Crossduathlon ferpleatst fan 9 maart nei sneon 12 oktober 2024, yn ferbân mei de wiete maitiid. Op 12 oktober wie om 13.30 oere de crossduatlon op it strân fan Warkum.

Dit jier wie foar it earst in kombinaasjeklassemint mei de 1/8ste triatlon fan Warkum op 1 septimber. De tiden fan beide waarden byinoar opteld, wêrnei’t it klassemint opmakke waard. Der wiene moaie prizen te winnen foar de bêste froulju en manlju.

De Crossduathlon Workum, in prachtich sportyf evenemint dat alle jierren plakfynt op en om it Warkumer strân. De crossduatlon bestiet út 5 km hurdrinne, 16 km op de mountainbike/gravelbike en ôfslutend wer 2,5 km hurdrinne. Sawol it draven as it fytsen giet oer ûnferhurde terrein, wat it swier, útdaagjend én ekstra leuk makket! It hurdrinparkoers giet foar in part oer it terrein fan it Soal Beach Resort en foar in part oer it strân. It fytsparkoers giet oer gers, troch boskjes, oer it strân, troch de dunen en net te ferjitten om de ferneamde boatestalling.

De Crossduathlon Workum is foar jong en âld en foar elk nivo. Wy sjogge graach dat in soad ferskillende dielnimmers meidogge en wille hawwe oan it hurdrinnen en fytsen yn ús moaie omjouwing.

Rûte
Oersjoch rûte:
2x draafûntsje tsjin de klok yn 2.5 km = 5 km
4x fytsrûntsje mei de klok mei 4 km = 16 km
1x draafûntsje tsjin de klok yn 2.5 km

Yn ûndersteande pdf binne de rûte en de wikselzone te finen:
wisselzone 2023.pdf
situatie 2023.pdf

Oanmelde
De oanmeldlink foar de edysje fan 2025 komt yn de rin fan it jier online.

Utslaggen
Foar de útslaggen fan de ôfrûne jierren sjochst hjir.

Foto’s
De foto’s fan alle edysjes fynst hjir.

Kontakt
Foar aktuele saken en foto’s sjochst op de Facebook-pagina van triathlon & duathlon Workum.

Organisaasje Crossduathlon Workum
Theunis Wouda
Paulus Folmer
Sytze Terwisscha van Scheltinga
Robbert Boele