Timmerdoarp

Alle jierren meitsje sa’n 80 bern út groep 5, 6 en 7 fan de basisskoallen út Warkum de meast prachtige bouwurken yn it Timmerdorp Workum. Der wurdt wat ôfseage en timmere, skildere en knutsele! En dat is net it iennige… Neist it bouwen wurdt der survivald en is der jierliks in wikseljende aktiviteit. Tegearre mei freontsjes, freondintsjes en âlden in echt huttedoarp delsette, dat is nochris in moaie ôfsluting fan de simmerfakânsje!

Timmerdorp Workum is altyd op woansdei, tongersdei en freed yn de lêste wike fan de skoalfakânsje. De lokaasje is de greide efter de pleats Op de Hoek van de Stal op ‘t Súd 154.

Foto’s
Foar foto’s fan de ôfrûne edysjes sjochst op de Facebook-pagina fan Timmerdorp Workum of op workum.nl.

Timmerdoarp 2025
Ek yn de simmerfakânsje fan 2025 sil der wer timmere wurde. De spesifike data en oanmeldlink komme yn de rin fan 2025 online.

Oanmelde
Sitsto yn it skoaljier 2024/2025 yn groep 5, 6 of 7? En wennest yn Warkum of Ferwâlde? Dan kinsto meidwaan oan Timmerdorp Workum. De oanmeldlink komt yn de rin fan 2025 online. De ynskriuwing is per bern, wol kinst oanjaan ast mei oare bern yn in groep wolst. Jou ek de beskikberens fan de âlder/fersoarger troch foar de begelieding. Hast fragen hjiroer? Stjoer dan in mailtsje oan workumtimmerdorp@gmail.com.

Kontakt
Foar aktuele saken en foto’s sjochst op de Facebook-pagina fan Timmerdorp Workum.

Organisaasje Timmerdorp Workum
Jacob & Trudi van der Valk
Ine-Trees de Vries
José de Bruin
Nienke Visser